Skoalle feilt ynboedel

de feilingmaster tusken it guod
De ynboedel fan de Meester van Hasseltskoalle yn Waskemar is moandei foar in prikje feild. It gie om saken as in tafeltennistafel, lânkaarten en skoalmeubels. De skoalle wurdt kommende freed sloopt.
De skoalbern en it personeel hawwe nij ûnderdak krigen yn in nije multifunksjonele skoalle. Dêr komme ek de bern fan de Paadwizer en de pjutten. It guod fan Paadwizer wurdt ek noch feild.