Bestjoer doarpshûs stapt op

26 nov 2007 - 16:52
  • doarpshûs Surhuzum (foto: E.J. Postma)

It bestjoer fan it doarpshûs fan Surhuzum stapt op. Se ferskille al jierren fan miening mei de gemeente. As der net gau in nij bestjoer komt, wurdt it fallissemint oanfrege. Dan is de kâns grut dat it doarpshûs tydlik ticht giet.

Der is spul oer de ôfrekken fan de nijbou it doarpshûs. De gemeente wol dat it bestjoer dêr in liening foar ôfslút. It bestjoer fynt dat de gemeente it tekoart betelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)