Kano as keunstwurk by Tjonger

26 nov 2007 - 14:26

Steatsboskbehear hat in grutte izeren kano yn de grûn set oan de Tjonger by Hoarnstersweach. Mei it keunstwurk wol de organisaasje oandacht freegje foar de bysûndere skiednis fan dit plak.

Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat hjir tûzenen jierren foar it begjin fan de jiertelling al minsken wennen. It keunstwurk makket diel út fan it nasjonale projekt Reis door de tijd. Op 14 plakken troch it lân steane sokke keunstwurken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)