Oanjefte mishanneljen otters

26 nov 2007 - 12:48

Der is oanjefte dien by de AID fan it mishanneljen fan otters troch Staatsbosbeheer. Neffens Addy de Jongh fan it Otterstasjon kinne otters út natuerparken net sa mar útset wurde. Dat is freed wol bard mei in Sweedske otter yn de Rottige Meenthe. Soks moatte je stap foar stap dwaan want in nuete otter soe him net samar rêde kinne yn de natuer.

Neffens De Jongh moat it loslitten fan otters op dizze wize ferbean wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)