Learlingen stake moandei wer

26 nov 2007 - 11:08

Op it Saailân yn Ljouwert wiene moandei in pear hûndert skoalbern om te protestearjen tsjin mear lesoeren. It ferrûn rêstich.

Freed rûnen gelikense protesten op ferskate plakken út de hân. Fan it wykein binne nije ôfspraken makke tusken ûnderwiisried en steatssiktaris oer it tal ferplichte lesoeren. De learlingen stake moandei dochs. Yn Snits hat de direksje de learlingen frege ôf te sjen fan aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)