Goedkeap nei Cambuur-Veendam

26 nov 2007 - 10:47

Cambuur-supporters kinne freed goedkeap nei de wedstriid tsjin Veendam. Foar alle fakken jildt in tagongspriis fan twa euro. De supporters mei in saneamde fankaart krije 2 euro koarting. Sy kinne dus fergees nei de wedstriid.

Cambuur-Veendam is de earste wedstriid fan de fjirde perioade. It giet sportyf sjoen net sa goed mei de Ljouwerter fuotbalklub. De lêste winst wie 5 oktober tsjin Telstar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)