Regionale omrop wol ek jild

26 nov 2007 - 09:55

De regionale omroppen moatte in diel krije fan de ekstra sinten dy't Den Haag útlûkt foar publike radio en televyzje. Dat skriuwe se yn in iepen brief oan de Twadde Keamer. Dêr wurdt moandei praat mei de minister oer de publike omrop.

It kabinet wol 50 miljoen ektra útjaan oan de publike omrop, mar dêrfan giet gjin sint ekstra nei de regio. De omroppen wolle de Twadde Keamer mei har brief op oare gedachten bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)