Flyers ferlieze yn Ljouwert

25 nov 2007 - 22:09

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers binne der sneintejûn net yn slagge om de bekerfinale feilich te stellen. Yn Ljouwert waard de twadde wedstryd fan de heale finale tsjin HIJS Den Haach ferlern mei 5-2. De perioadestannen wienen 1-2, 0-0 en 1-3. De Flyers wûnen ôfrûne freed de earste wedstryd yn Den Haach mei 4-3.

In tredde wedstryd moat no de beslissing bringe. It is noch net wis wannear 't dy krekt spile wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)