Jachtbou-kennissintrum yn Grou

It Aquaverium yn Grou
It bedriuweterrein Frisia yn Grou moat útgroeie ta in kennis- en ekspertisesintrum op it mêd fan de Fryske jachtbou. Dat stelt de gemeente Boarnsterhim yn in skriftlike fisy op de ûntjouwing fan Grou.
Op it stuit nimt it Aquaverium in wichtich plak yn op it bedriuweterrein, dat oan it wetter leit. Mear spesjalistyske bedriuwen kinne de posysje fan Grou as wettersportdoarp flink ferstevigje.