Taskesdief oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemiddei yn Ljouwert in ynwenner (36) fan Wolvegea oanholden foar it stellen fan in tas. In tsjûge hie sjoen dat de taskesdief achterfolge waard en skeakele de plysje yn.
Omdat de plysje in goed sinjalemint hie, koe de fertochte gau achterhelle wurde. De plysjes hienen yntusken heard dat de man in tas stellen hie op de Prins Hendrikkade. De 36-jierrige is ynsletten op it buro foar ferhoar.