Minder klachten oer fleanbasis

Minder klachten oer lûdsoerlêst yn 2007
Omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert ha dit jier folle minder klachten oer lûdsoerlêst as ferline jier. Ferline jier kamen der allinne yn de simmer al 350 klachten binnen. Oer de earste njoggen moanne fan dit jier binne dat der noch mar hûndert.
Neffens Geart Verf fan doarpsbelang Marsum is it in prachtich jier, omdat der no gjin wapenynstrukteurs- oplieding is en der gjin grutte ynternasjonale oefeningen binne.