Elma de Vries wint wer

24 nov 2007 - 23:22

Elma de Vries fan De Haule wie sneontejûn foar de fjirde kear de sterkste by de froulju. Yn de einsprint fan de maraton yn Alkmaar wie Elma rapper as Mireille Reitsma fan Emmeloard. Beide froulju wiene útnaaid út in kopgroep fan tsien. Maria Sterk einige as tredde en bliuwt liedster fan it klassemint.

Takom wike docht Elma de Vries mei oan de wrâldbekerwedstriid langebaan op de 5 km yn it Russyske Kolomna.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)