'Drink gjin alkohol op freed'

© Omrop Fryslân
Kristenen moatte op freed gjin alkohol drinke. Dêr pleitet dûmny Boukes fan Damwâld foar yn it tsjerkeblêd Geandewei. Hy fynt dat de tsjerke te min omtinken jout oan alkoholmisbrûk wylst dit in hieltyd grutte probleem wurdt.
Troch op freed gjin alkohol te drinken soene minsken har mear bewust wurde fan it drinken. Boukes hopet ek dat de tsjerke in gruttere rol spilet yn de diskusjes oer alkoholmisbrûk.