De Westerein hâldt ûnskuld fol

© Omrop Fryslân
Foarsitter Hoekstra fan De Westerein hâldt fol dat syn fuotbalklub gjin skuld hat oan de fjochtpartij by de wedstriid tsjin Velocitas. Ek no't de KNVB beide klubs yn steat fan beskuldiging steld hat.
De wedstriid tusken De Westerein en Velocitas rûn folslein út de hân doe't spilers en supporters op de fûst giene. Hoekstra is net benaud dat syn klub in hege straf krije sil nei oanlieding fan it ynsidint.