Akwadukt Jeltesleat iepene

23 nov 2007 - 16:58

Der stiet nea wer in file foar de Jeltesleatbrêge by de Hommerts. Sûnt freed is de brêge ticht en rydt it ferkear troch it akwadukt dat derneist leit. Troch de brêge farden alle jierren sa'n 100.000 boatsjes. Dat soarge yn de simmermoannen faak foar lange files op de dyk en op it wetter.

De oanlis fan it akwadukt gie net sûnder problemen. Troch de ynset fan ekstra minsken is it de oannimmer toch slagge op tiid klear te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)