Bysûndere skedels nei Fryslân

It Natuermuseum Fryslân hat in searje bysûndere skedels krigen. It giet om skedels fan orang-oetans en makaken, dy't oarspronklik fan Sumatra komme. Se binne dêr by elkoar fandele troch in Nederlânske yngenieur dy't der in skoft wurke hat.
De skinking is bysûnder omdat de orang-oetan in beskerme bistesoart is en har skedels net mear ferhannele of ferfierd wurde meie.