Enerzjypriis foar Plusfood

23 nov 2007 - 16:15

It bedriuw Plusfood út Easterwâlde hat in priis krigen fan minister Van der Hoeven foar de maatregels dy't it naam hat foar enerzjybesparring. It bedriuw brûkt 30 prosint minder enerzjy as seis jier lyn.

Plusfood hat de besparring berikt troch maatregels by de produksje en it transport. It bedriuw wurket noch oan besparrings by de kuolling fan de produkten. Dat freget no sa'n 40 prosint fan it enerzjyferbrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)