Opnij otter nei Rottige Meente

23 nov 2007 - 15:48
  • Yn De Rottige Meente is freed foar de tritichste kear in otter útset

Yn De Rottige Meente is freed foar de tritichste kear in otter útset. It giet om in jonge Sweedske otter. It is dreech om geskikte otters te finen om út te setten, omdat se har folslein yn it wyld rêde moatte kinne.

Om de otter yn Nederlân yn stân te hâlden is it noch hieltyd nedich om bisten út te setten. In grut diel fan de otters komt nammentlik om yn it ferkear. Der binne op dit stuit nei alle gedachten sa'n 20 otters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)