Gemeente ûndúdlik oer boustop

"Gemeente ûndúdlik oer boustop"
It Bilt hat de eigen gemeenteried net goed ynljochte oer de helberens fan it ôfbouwen fan it ferpleechhûs yn Sint Anne. Dat seit wurdfierder Tuinstra fan de ûndernimmers yn dat plak. Freed makke de gemeente bekend troch de ûndernimmers tsjinwurke te wurden by it finen fan in oplossing foar de opleine boustop.
Neffens Tuinstra sil it ferpleechhûs nea oan de regels foldwaan kinne, mar wit de gemeenterie dat net.