Nochris miljoen foar dakken

"Nochris miljoen foar dakken"
Der komt nochris ien miljoen euro beskikber foar de restauraasje fan dakken fan pleatsen. Earder stelde de provinsje ek al in miljoen beskikber. Fanwege it grutte tal oanfragen is dat bedrach no ferdûbbele.
By de provinsje binne al mear as 450 fersiken om subsydzje binnen kaam. It giet dan om eigners fan pleatsen fan foar 1940 dy't har reiten tek of pandak opknappe wolle. De provinsje betellet in tredde fan de kosten.