Ekstra ynset by jierwiksel

Dit jier is der ekstra ynset by de jierwiksel yn Achtkarspelen
Yn Achtkarspelen wurde ekstra minsken ynset om de jierwikseling sa rêstich mooglik ferrinne te litten. Ek is der ekstra tafersjoch op it ôfstekken fan swier yllegaal fjoerwurk. Ferline jier soargen dy eksplosiven foar in soad skea yn 'e gemeente. It fjoerwurk waard doe ûnder oaren yn 'e rioelen smiten.
Om oerlêst safolle mooglik foar te kommen binne der einjiersfeesten yn ferskate doarpen, werûnder yn Twizel.