'Beammen Saailân ferplantsje'

De beammen op it Saailân moatte net kape wurde
De beammen op it Saailân yn Ljouwert moatte net kape wurde. Dat fynt de riedsfraksje fan PAL/GrienLinks.
Fanwege de bouplannen op it Saailân moatte 60 linebeammen en platanen dêr wei. De gemeente seit dat se net te ferplantsjen binne, mar neffens PAL/GrienLinks kin it wol. De fraksje wol dat der in goed plak socht wurdt om de beammen del te setten.