Minister Verburg nei Ljouwert

Minister Verburg
Minister Verburg fan Lânbou is nije wike te gast op in sympoasium yn Ljouwert, oer de Fryske lân- en túnbou. Se praat oer hoe't agrarysk Fryslân him tariede kin op de takomst en hoe't de lânbou duorsum wurkje kin.
Foarsitter Maat fan LTO-Nederlân komt ek op it sympoasium. Dêr wurdt ek praat oer de kânsen foar Fryske ûndernimmers om mear suvel te produsearen en om mear te dwaan op it mêd fan rekreaasje.