Nije kulinêre oplieding

22 nov 2007 - 17:10
  • De Vleer jout kulinêr histroaryske itensiedkursus

Itensiedmuseum De Vleer yn Appelskea begjint mei in kulinêre oplieding. Gewoane minsken en hoarekafaklju kinne dêr leare hoe mei streekprodukten tradisjonele gerjochten te meitsjen. Doel is âlde resepten en gebrûken yn eare te hâlden. Kenners út binnen- en bûtenlân sille de lessen jaan.

De oplieding begjint yn septimber takom jier en duorret twa jier, ien dei yn de wike. De belangstelling is grut, sa meldt it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)