Brack werom yn 'e basis

Koen Brack
SC Cambuur begjint freedtejûn tsjin Emmen mei Koen Brack yn 'e basis. Ferline wike tsjin Haarlem sette trainer Jurrie Koolhof him noch op 'e bank.
De trainer kin net beskikke oer de blessearren Kerst Hofman en Marc Mboua. Op it middenfjild komt dêrtroch in plak frij foar Ferdinand Katipana. Foaryn spylje Rachid El Khalifi en de nije oanfierder Marinus Dijkhuizen.