Hely hellet antenne fan mêst

© Omrop Fryslân
In helikopter fan in Switsersk bedriuw hellet begjin desimber de analoge antenne fan 'e KPN op 'e stjoermêst yn Jirnsum. De antenne is oerstallich wurden, omdat de KPN de tillevyzje- en radiosinjalen sûnt dit jier digitaal trochjout.
De helikopter hellet de antenne útelkoar. Dat giet folle hurder as oare techniken, seit de KPN. By mist, izel of snie giet de operaasje net troch. De stjoermêst bliuwt wol stean.