Groene Weide yn Top 100

22 nov 2007 - 11:04

De Groene Weide op Skylge is as heechste Fryske kafee einige yn 'e Top 100 fan bêste kafee's yn Nederlân. It kafee fan Hessel van der Kooi stiet op it 16e plak. De list wurdt alle jierren opsteld troch it blêd Misset Horeca. In kafee yn Grins is dit jier it bêste fan Nederlân.

Ferline jier gie dy titel nei kafee Nobel op It Amelân. Dat kafee stiet no foar trije jier yn de earegalerij en komt dêrom net foar yn 'e Top 100.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)