Wethâlder test rotondes

22 nov 2007 - 09:53
  • Fytsers en fuotgongers hawwe no foarrang op sokke rotondes

Wethâlder Krol fan Ljouwert bestjoert freed in frachtauto troch Ljouwert om te sjen hoe feilich de rotondes binne. Dat docht er op útnoeging fan frachtautorydskoalle Wagenaar. Dy fynt dat de sjauffeurs faak gjin goed oersjoch hawwe op rotondes.

Sûnt in pear moanne hawwe fytsers en fuotgongers foarrang op guon rotondes yn 'e binnenstêd fan Ljouwert. De sjauffeurs kinne by it ôfslaan net goed sjen oft de wei frij is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)