De Vries: 50 3-talige skoallen

21 nov 2007 - 22:37
  • Oer fiif jier moatte der yn Fryslân 50 trijetalige basisskoallen wêze
  • Jannewietske de Vries

Oer fiif jier moatte der yn Fryslân 50 trijetalige basisskoallen wêze, dy't de bern ûnderwize yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. Dat sei deputearre De Vries woansdei by de iepening fan 'e Mercator konferinsje oer meartalich ûnderwiisbelied yn Ljouwert.

Fryslân hat no 15 trijetalige skoallen. De Vries sjocht mooglikheden foar groei. Promoasjekampanjes foar it Frysk, lykas dy mei Doutzen Kroes, moatte dêrby helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)