Net achter it rút ûnder de 21

21 nov 2007 - 17:06

As je 18 jier binne, binne je noch te jong om yn de prostitúsje te wurkjen. Dat fynt hulporganisaasje Fier Fryslân. It is no noch sa dat famkes fan 18 yn de prostitúsje wurkje meie. Fier Fryslân freget de Twadde Keamer yn in petysje om dy leeftyd te ferheegjen nei 21 jier of âlder.

De petysje is oanbean oan Twadde Keamerlid Mirjam Sterk fan it CDA. Neffens Fier Fryslân binne famkes fan 18 ekstra kwetsber yn de prostitúsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)