Minder wurkleazen A'karspelen

21 nov 2007 - 16:13

It giet goed mei de wurkgelegenheid yn de gemeente Achtkarspelen. It persintaazje wurkleazen leit mei 6,5 % krekt ûnder it Fryske gemiddelde. It doel fan it gemeentebestjoer is om 1 % ûnder it Fryske gemeente te sitten.

Yn 2004 hie Achtkarspelen 12 % wurkleazen. De groei sit fral yn de saaklike tsjinstferliening en de bou. Fierder binne der in soad startende ûndernimmers, yn de earste helte fan 2007 wiene dat der al 102.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)