Chris Zegers yn De hel fan '63

21 nov 2007 - 14:57

Akteur Chris Zegers sil meispylje yn de film dy't regisseur Steven de Jong makket oer de Alvestêdetocht fan 1963. Zegers spile earder ek al mei yn films fan De Jong lykas De Fûke, de twadde Kameleonfilm en koartlyn ek noch yn De Scheepsjongens van de Bontekoe.

Chris Zegers mei wol yn trening, want Steven de Jong wol him caste as ien fan de 69 wedstrydriders dy't lang om let de streek yn Ljouwert helje. De film hat as wurktitel De hel fan '63.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)