Velocitas siket tanadering

21 nov 2007 - 14:34

De Grinzer fuotbalklub Velocitas wol yn oparbeidzjen mei fuotbalferiening De Westerein in gedrachskoade foar it amateurfuotbal opstelle. Ofrûne snein giene spilers en supporters fan twa klubs noch meiïnoar op 'e fûst. Twa minuten foar de ein fan 'e wedstriid ûntstie in fjochtpartij dêr't wol 60 minsken by belutsen wiene.

Velocitas wol no besykje om nei alle negativiteit in positive draai te jaan oan de eskalaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)