Doutzen Frysk ambassadeur

Doutzen Kroes yn 'e radiostudio (foto Dirk Jan Haarsma)
Doutzen Kroes fan Eastermar is net allinne it gesicht fan topmerken as L'Oréal, mar ek fan de Fryske taal. It 22-jierrige model sil in wichtige rol spylje yn de nije kampanje Praat mar Frysk. De ôftraap fan de kampanje is nije wike yn Tytsjerksteradiel.
Doutzen is foar de kampanje frege omdat sy hiel goed útdraacht dat se út Fryslân komt en Frysk praat. Doutzen sil kampanje fiere mei ferskate nije 'Praat mar Frysk'-produkten.