Fakbûnen skrasse demonstraasje

© Omrop Fryslân
De demonstraasje fan de fakbûnen tsjin de fersoepeling fan it ûntslachrjocht dy't sneon yn Grins holden wurde soe, giet net troch. Neffens Anja Dijkman fan FNV-Bondgenoten is it protest net mear nedich, no't it kabinet de plannen foarearst ynlutsen hat.
Minister Donner fan sosjale saken woe it makliker meitsje om minsken dien te jaan, omdat neffens him wurkleazen dan makliker oan in baan holpen wurde kinne.