Fjochtpartij: plysje grypt yn

21 nov 2007 - 10:51

Twa aginten yn boarger hawwe tiisdei yngrepen by in fjochtpartij yn de Ayttasteech. De aginten seagen dat twa groepen spul meiïnoar krigen mei in stok mei in keatling dêroan. Trije Ljouwerters hiene it oan de stok mei in man út Skagen en mei in Sweed út Stockholm.

Wat de krekte oarsaak fan de fjochterij wie is noch net dúdlik. De plysje hat de fjochtersbazen oanhâlden, heard en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)