Ljouwert helpt eks-detinearden

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat yn in jier tiid al mear as 200 eks-detinearden op paad holpen om sa foar te kommen dat se op 'e nij de fout yn geane. As der neat foar de eardere finzenen regele is, bestiet de kâns dat se fuortendaliks wer stelle of ynbrekke moatte foar iten en ûnderdak.
De gemeente helpt de minsken oan saken as in identiteitsbewiis, jild en ûnderdak. De Ljouwerter metoade krijt neifolging op oare plakken.