3-D-film oer moard Vaatstra

De plysje hat tiisdei by Feankleaster in 3-D-rekonstruksjefilm makke fan de moard op Marianne Vaatstra. Mei dy bylden kinne rezjerzjeurs in firtuele kuier meitsje op it plak fan it misdriuw. Der wiene saakkundigen fan út Rotterdam nei Feankleaster kaam om de film te meitsjen.
De plysje is yn oktober mei in nij team wer in ûndersyk begûn nei de saak Vaatstra. Dat besjucht it dossier opnij en brûkt dus nije techniken.