Wetterskip hat bêste webside

20 nov 2007 - 21:42
  • De bêste wetterskips-website, neffens de oerheidsmonitor

Wetterskip Fryslân hat de bêste webside fan alle wetterskippen yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it ministearje fan Binnenlânske Saken. Dêrby binne ek de sites fan provinsjes, gemeenten en ministearjes besjoen.

Wetterskip Fryslân stie ferline jier noch op it 21ste plak. Dat it no folle better skoart komt omdat der in soad nije foarsjenningen beskikber binne op de webside.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)