Straf easke yn webcamsaak

20 nov 2007 - 16:17

Tsjin in jongeman út Nijlân (20) is 240 oeren wurkstraf easke en in healjier selstraf ûnder betingst. Hy wurdt derfan fertocht oer de webcam trije minderjierrige famkes ta seksuele hannelings oanset te hawwen.

De man die him foar as in biseksueel famke fan 15 jier. De trije slachtoffers wisten net dat se mei in folwoeksen man te krijen hienen. De man liet by de rjochtsaak witte spyt te hawwen. De útspraak is oer 2 wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)