Keamerdebat oer Suderseespoar

It kabinet bepaalde ferline wike dat it Suderseespoar der net komt
De Twadde Keamer hâldt nije wike tongersdei in debat oer it net trochgean fan it Suderseespoar. It debat wurdt hâlden op fersyk fan it CDA. Earst wurde in tal organisaasjes heard, dêrnei praat de Twadde Keamer mei minister Eurlings oer it beslút.
It kabinet bepaalde ferline wike dat it Suderseespoar der net komt. It Noarden krijt dêrfoar jild foar ferbettering fan 'e berikberens.