Seehûnekresj giet nei Delfsyl

Seehûnekresj net nei Harns, mar nei Delfsyl
De seehûnekresj fan Lenie 't Hart ferhuzet definityf net nei Harns, mar nei it Grinslanner Delfsyl. 't Hart seit dat in garânsjestelling fan 2,5 miljoen euro fan 'e gemeente Delfsyl de trochslach joech. Harns woe neffens 't Hart sa fier net gean.
De hantekens binne al set, sa meldt de gemeente Delfsyl. Harns reagearret lulk en teloarsteld op it nijs, omdat se noch mei Lenie 't Harns yn ûnderhanneling wiene.