Rein min foar fytseferkeap

Accell: minder winst as ferwachte
Accell op It Hearrenfean hat minder fytsen ferkocht troch de reinige simmer. It fabryk hat de winstferwachting foar dit jier nei ûnderen ta bysteld. Accell makket fytsen fan it merk Batavus en Sparta.
Fan 't simmer wie de fraach leger as ferwachte. It bedriuw ferwachte in winstgroei fan 35 prosint, mar dat is no bysteld nei 25 oant 35 prosint. Direkteur Sybesma bliuwt ek mei in groei fan 25 prosint optimistysk.