Ride ûnder ynfloed fan drugs

20 nov 2007 - 11:29

In Snitser (19) en in Ljouwerter (25) binne tiisdei oanhâlden foar riden ûnder ynfloed en besit fan harddrugs. De manlju sieten yn in auto dy't de opfoel omdat er op de A7 by De Sweach hast út de bocht fleach.

Doe't de plysje de auto oanhâlde woe naaiden de manlju út. By Tsjalbert ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer. De man wie ûnder ynfloed fan drugs en hie gjin rydbewiis. Yn de auto waard ek harddrugs fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)