Twa nije spilers foar Aris

19 nov 2007 - 19:29

Basketbalferiening Aris Friesland hat twa nije spilers der by. Fan Nova Hut Ostrava út Tsjechië binne Ctirad Klimanek en Roman Halik oanlutsen.

Klimanek is in saneamde 'shooting forward' en is sawat twa meter lang. Halik is in echte 'center' en mjit mar leafst twa meter sechtjin. Se binne de ferfangers fan Rik van de Nes en Dennard Abraham, dy't Aris ferlitten hawwe. De nijkommers dogge mooglik sneon al mei yn de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)