Feanster wint Guitar Award

Mendel bij de Leij (hielendal rjochts) fan It Hearrenfean hat in Sena Guitar Award 2007 wûn.
De 19-jierrige Mendel bij de Leij fan It Hearrenfean hat snein de Sena Guitar Awards 2007 wûn yn de klasse fan 17 oant 21 jier.
Bij de Leij makke grutte yndruk mei syn spul en de kar fan it keazen repertoire. De wedstryd waard organisearre troch de Stichting Gitaar yn gearwurking mei Sena. Dit is de rjochtenorganisaasje yn de muzykwrâld. De wedstryd is bedoeld om jonge gitaristen mear bekendheid te jaan.