240 oeren wurkstraf Drachtster

19 nov 2007 - 16:41

It Iepenbier Ministearje hat 240 oeren wurkstraf easke tsjin in 19-jierrige ynwenner fan Drachten foar 25 gefallen fan brânstifting yn in lyts jier tiid yn en om Drachten. Hy waard op 6 maaie dit jier oanhâlden.

De man begûn mei it yn de brân stekken fan ôffalkontainers en konifearen, mar einige mei twa skoallen en twa leechsteande huzen. Yn totaal hat de man 100.000 euro oan skea tabrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)