Sionsberg wol ic-dokter
It Dokkumer sikehûs De Sionsberg sil toch in spesjale intensive care-dokter oanstelle. Yn in Nova-reportaazje waard sneon bekend dat der yn Nederlân fiif sikehuzen binne dêr't op de IC- ôfdieling gjin saneamde intensivist wurket.
De beäzeming op dy ôfdielings soe dan ek net goed genôch plakfine. As gefolch dêrfan stjerre elk jier sa'n 250 pasjinten ûnnedich.