Lege wenlesten Fryske gemeente

© Omrop Fryslân
Twa Fryske gemeenten hearre by de top as it giet om lege wenlesten. Dat hat de Vereniging Eigen Huis besifere. Gemiddeld moatte wenningbesitters takom jier 630 euro oan gemeentlike lêsten betelje. Dan giet it om de ûnrepliksaakbelesting, de ôffalstoffeheffing en it rioelrjocht.
It Amelân en Skarsterlân sitte dêr flink ûnder, mei 485 euro. Allinnich Zevenaar en Tilburg binne noch goedkeaper.