Klappen by fuotbalwedstriid

19 nov 2007 - 12:18
  • De houwerij op it fuotbalfjild fan Velocitas

De fuotbalwedstriid Velocitas tsjin De Westerein is snein útrûn op in massale fjochtpartij. Nei in oertreding fan in Westereinspiler, twa minuten foar de ein, kaam it publyk it fjild op en ûntstie der in grutte fjochtpartij.

By de fjochtpartij soe de fersoarchster fan Velocitas tsjin de holle skopt wêze. Westereinspiler Jelle Arjaans soe oanjefte dwaan wolle, omdat hy by de fjochtpartij in skuorke yn syn jokbonke krigen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)